Doarwarder tongersdei op Amelân

26 feb 2003 - 00:00

By de asylsikers op it Amelân komt tongersdei de doarwarder del. De 28 minsken dy't nei asylsikerssintra yn Burgum, Drachten en Dokkum moatte, hearre dan dat se binne trije dagen út de opfang moatte.

Lykas bekend moatte de asylsikers dy't earst nei it azc yn Kollum soenen, fan it COA ek fan it eilân ôf. De rjochter hie dat ferbean om't it azc yn Kollum tichtgiet. De minsken soene twa kear yn koarte tiid ferhûzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)