Doarwarder moat hurder wurkje

17 jun 2013 - 15:55

Doarwarders hawwe it troch de krisis swierder om skulden yn te barren. Mar it is net sa dat de helte fan de skulden net ferhelle wurde kin. Dat seit Paul Otter, algemien direkteur fan gerjochtsdoarwarder- en ynkassoburo Incassade út Ljouwert.

Hy reagearret op in stekproef ûnder gerjochtsdoarwarders fan de Erasmus Universiteit yn opdracht fan it ministearje fan Feiligens en Justysje. Dêr docht út bliken dat de doarwarders de helte fan de skulden net mear ferhelje kinne en dossiers slute moatte.

It sluten fan dossiers giet Otter te fier. Neffens him moatte de doarwarders hurder wurkje om skulden yn te barren. Faak slagget it dat úteinlik ek wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)