Doarstikkers helpe deminte bewenners yn Suderigge

19 aug 2015 - 18:49
  • Dhr Punter is ien fan de bewenners mei in doarstikker. Hy is net demint.

Tsien deminte bewenners fan soarchsintrum Suderigge op De Lemmer hawwe sûnt moandei in doar dy't hielendal liket op de foardoar fan harren âlde hûs. Hjirmei hopet it soarchsintrum dat se tenij harren wenning makliker fine kinne. Alle doaren yn it gebou binne giel en de deminte bewenners rûnen geregeld by in oare keamer nei binnen.

In Amsterdamsk bedriuw makke foto's fan de foardoar en plakte dy oer de doar yn it soarchsintrum. Suderigge is de iennige ynstelling yn Fryslân dy't meidocht oan dit projekt.

As de resultaten posityf binne, dan wurde mooglik alle doarren bestikkere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)