Doarren yn Broeretsjerke

28 aug 2009 - 20:39
  • De Broeretsjerke krijt mobile doarren

De Broeretsjerke yn Boalsert krijt tydlik doarren. It gebou wie oant no ta altyd gewoan iepen, mar benammen by winterkjeld soarge dat foar problemen. As der dan byienkomsten wiene yn de tsjerke waard it al gau te kâld.

Dêrom hat de gemeente besletten dat der doarren komme moasten dy't der by sokke gelegenheden yn setten wurde kinne. As de festiviteit of de byienkomst dan wer achter de rêch is, ferdwine de doarren wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)