Doarren doarpsskoalle Ealahuzen definityf ticht

26 jun 2015 - 12:10
  • De bern namen freed ôfskie fan de basisskoalle fan Ealahuzen
  • De skoalle fan Ealahuzen hie te min bern om bestean te bliuwen

De doarren fan de basisskoalle yn Ealahuzen binne freedtemoar symboalysk op slot gien. It gebou komt foarearst leech te stean. De skoalle fusearret mei de basisskoalle yn Aldegea yn De Fryske Marren. In moaie fúzje, in nij begjin, seit de skoalle. By benammen âldere bewenners fan Ealahuzen docht it ferdwinen sear.

Njonken Ealahuzen binne der yn Fryslân noch sân oare skoallen dy't dit jier ticht geane. Dat is hast likefolle as ferline jier. Doe wiene it der njoggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)