Doarpswurk poer om koarting

17 apr 2008 - 11:57

Doarpswurk stapt mooglik nei de rjochter as de provinsje de besunigingsplannen trochset. Yn it foarstel fan 'e provinsje stiet dat Doarpswurk 5 persint ynleverje moat. Dat komt del op goed 30.000 euro.

En dat wylst Doarpswurk neffens foarsitter Lyklema útgiet fan mear jild. Dat wie neffens him ôfpraat mei de provinsje doe't se twa jier lyn oprjochte waarden. De polityk praat tongersdei oer de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)