Doarpswacht: hûnestrontboetes

27 feb 2008 - 10:51

Doarpswachten yn Achtkarspelen meie tenei eigners fan hûnen bekeure dy't de stront fan harren bist lizze litte. Dat hawwe B en W besletten.

Hûne-eigners yn 'e gemeente moatte sûnt 1998 keutels fan 'e eigen bisten op trottoirs en yn iepenbier grien oprêde. Mar der rinne net genôch plysjes op strjitte om dat te kontrolearjen. Sadwaande wurde dêr no doarpswachten foar ynset, want dy binne wol de measte tiid bûtendoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)