'Doarpsturbine serieus nimme'

12 jul 2014 - 12:09

De provinsje en de Fryske gemeenten moatte plannen foar wynmûnen yn doarpen serieuzer nimme. Dat seit Geerling Visch fan de wurkgroep dy't de komst fan in wynmûne yn Alde- en Nijemardum ûndersiket.

De legere oerheden prate benammen oer grutte wynmûneparken. Dy moatte de taak fan it ryk útfiere om 530 megawatt oan enerzjy op te wekken. Wynturbines yn doarpen wurde yn de diskusje fergetten, seit Visch. Hy praat ek út namme fan de de doarpen Dearsum, Wergea en Reduzum.

De trije doarpen dogge mei de Koninklijke Nederlandsche Heidemaatschappij in oprop oan de provinsje en oan de Fryske gemeenten mear omtinken te jaan oan doarpsturbines. Wynmûnen yn doarpen hawwe meastentiids in soad draachflak ûnder ynwenners, sa seit Visch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)