Doarpsskriuwster wint diktee

15 apr 2008 - 23:49
  • Frysk Diktee dit jier makliker as twa jier lyn (argyffoto)

Swaan_Postma fan Eastermar hat tiisdeitejûn it Grut Frysk Diktee wûn. Mei 8,5 flaters wie se de bêste fan 27 dielnimmers. It diktee waard makliker neamd as oare jierren. De twadde en tredde priiswinners hiene 9,5 en 10 flaters. Dêrmei is it diktee better makke as twa jier lyn. Postma skriuwt foar de doarpskrante in soad Frysk.

Oer twa jier is wer in Frysk diktee. Om´t dat de tsiende kear is, wurdt it dan mooglik op televyzje útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)