Doarpsskoalle Boyl hast sloopt

23 jul 2010 - 15:34
  • (Foto's: Lenus van der Broek)

Yn Boyl is úteinset mei it lêste diel fan de sloop fan de âlde doarpsskoalle. De skoalle út 1900 moat plak meitsje foar in nije brede skoalle. Yn it nije gebou wurde sawol de basisskoalle as in pjutteboartersplak ûnderbrocht.

Nei de simmerfakânsje sil begûn wurde mei de bou. De learlingen en dosinten wurde salang ûnderbrocht yn needgebouwen op it eveneminteterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)