Doarpspomp Donkerbroek ticht

13 feb 2005 - 12:12

Nei fiifentritich jier is it oer mei de doarpspomp yn Donkerbroek. De eigner, de famylje Verlaan, is der sneon mei opholden. De tank waard dy dei foar it lêst persoanlik foar klanten byfold mei diesel of benzine.

It is net langer rendabel om de pomp iepen te hâlden. De kosten foar miljeumaatregelen wurde te heech om noch genôch winst te meitsjen. De autogaraazje dy't by de pomp sit bliuwt wol iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)