Doarpskoalle groeit as koal

28 feb 2001 - 17:44

De Albertina Agnesskoalle yn Oranjewâld fierde woansdei feest. De skoalle hat nammentlik de hûnderste learling ynskreaun. In oranjekoeke yn hûndert stikjes moast dat symbolisearje.

Tsien jier ferlyn waard de skoalle noch mei opdoeken bedrige. Oarsaken fan de groei binne mear persoanlik omtinken foar de bern en de nije wenwyk Skoatterwâld by It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)