'Doarpshuzen mooglik fallyt'

25 mrt 2013 - 15:18

De trettjin grutste doarpshuzen fan Súdwest-Fryslân fertutearzje en gean mooglik fallyt as de gemeente de besuniging op it grut ûnderhâld trochsette wol. Dat seit Sierd de Boer fan doarpshûs De Klink yn Koudum. Mei de tolve oare grutte doarpshuzen wol Koudum de gemeente oerhelje nochris nei de besuniging te sjen. Yn in nij útstel fan de gemeente stiet dat de doarpshuzen tenei 40 persint fan it grut ûnderhâld sels betelje moatte.

Foar it doarpshûs fan Koudum soe de eigen bydrage betsjutte dat se elk jier goed njoggentûzen euro opbringe moatte. Dat soe dan moatte troch sels in part fan it wurk te dwaan of troch sponsors oan te skriuwen. Neffens de doarshuzen sil dat net slagje. Dat betsjut dat it ûnderhâld net dien wurde sil. De gemeenteried praat op 4 april oer de doarpshuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)