Doarpshuzen krije jild werom

29 nov 2004 - 16:54

Fryske doarpshuzen en wykgebouwen krije in flinke som jild werom fan de belesting. De ynstellings kinne de helte fan de jierlikse enerzjybelesting werom krije. Oer de hiele provinsje giet it om tsientûzenen euro's.

De doarpshuzen hiene earder al besocht it jild werom te krijen, mar dat slagge net om't se net fan 'algemien nut' foar de mienskip wêze soene. Troch in wetswiziging kinne se no dochs belestingjild werom freegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)