Doarpshûs yn Surhuzum, fynt FNP

27 sep 2000 - 12:31

De ynwenners fan Surhuzum moatte dúdlikheid krije oer it doarpshûs. Dat fynt de FNP-fraksje fan Achtkarspelen. Surhuzum wol in eigen doarps- en mienskipshûs. De gemeente wol in akkommodaasje bûten it doarp, tusken Surhuzum en Stynsgea.

Yn Surhuzum is in breed draachflak foar in eigen doarpshûs. Neffens de FNP is sa'n mienskipsromte belangryk as tsjinwicht foar it tanimmende yndividualisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)