Doarpshûs wol langer iepen

18 mrt 2006 - 16:07

Yn doarpshûs Toutenburg yn Boerum is freedtejûn aksjefierd foar rommere iepeningstiden. De gemeente Kollumerlân gedoogde dat it doarpshûs langer iepen bleau. Mar nei oerlêst by kroegen yn Kollumersweach en Kollum sil de gemeente wer stranger kontroleare.

Dat betsjut dat it doarpshûs tenei om tolve oere ticht moat. Neffens aksjefierder Miedema betsjut it dat it doarpshûs net mear bestean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)