Doarpshûs Wâlterswâld opknappe

09 nov 2006 - 12:51

It doarpshûs yn Wâlterswâld wurdt foar in heal miljoen opknapt. De gemeente Dantumadiel jout 250.000 euro. It doarpshûs is 37 jier âld en moat nedich ferboud wurde. De yngong, húskes en keuken wurde fernijd. De sealen krije in multyfunksjoneel karakter.

Al goed 50 frijwilligers út Driezum en Wâlterswâld ha har oanmeld. De ferbouwing moat septimber takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)