Doarpshûs wachtet op jild

22 feb 2011 - 17:01

It bestjoer fan doarpshûs It Tiksel yn De Rottefalle hopet gau dúdlikheid te krijen oer de finansiering fan de bou fan in folslein nij doarpshûs. By de bou wurdt útgien fan it prinsipe Cradle to Cradle. Dat betsjut ûnder mear dat duorsum boumateriaal brûkt wurdt. Ek moat de mienskip aktyf yn de bou behelle wurde.

Utfiering fan it plan kostet goed 1,5 miljoen euro. Smellingerlân, provinsje en de Postkoadeloterij ha mooglik jild foar de bou oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)