Doarpshûs Tsjom weriepene

23 sep 2013 - 07:32

Doarpshûs De Moeting yn Tsjom is dit wykein weriepene. De monumintale pastorij is fan binnen en bûten ferboud. Sa binne de tún en it hekwurk yn âlde styl werombrocht. Op it dak lizze no sinnepanielen.

Fan binnen is der wurke mei led-ferljochting. De twa biljarten kinne yn de flier fuortsakke wertroch der in fergader- of feestromte ûntstiet. De ferbouwing is betelle troch de gemeente Frentsjeradiel, it doarpshûs sels, doarpsbelang en in soad stiftings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)