'Doarpshûs Terwispel oanpakke'

14 apr 2008 - 10:53

De gemeente Opsterlân moat wat dwaan oan de fochtproblemen yn it doarpshûs fan Terwispel. Dat wol de riedsfraksje fan de PvdA. Der binne sûnt de bou fan it doarpshûs tweintich jier lyn al problemen mei focht.

It kolleezje sil de saak 'neier besjen' foardat se mei in riedsfoarstel komme. De PvdA wol no witte wat dat 'neier besjen' krekt ynhâldt. Der binne fragen oer steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)