Doarpshûs Koatstertille grutter

13 jan 2006 - 09:37

It doarpshûs fan Koatstertille moat mei 125 kante meter útwreide wurde. Dat fynt in mearderheid yn de ried fan Achtkarspelen. Neffens de polityk is in grutter doarpshûs fan grut belang foar Koatstertille. De útwreiding hoecht amper ekstra jild te kostjen omdat der subsydzje foar is.

B en w fan Achtkarpspelen fine dat der gjin needsaak is foar de útwreiding. Sy moatte fan de rie lykwols dochs wer yn petear mei it bestjoer fan it doarpshûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)