Doarpshûs Drylts ferkocht

20 nov 2007 - 17:16

De gemeente Wymbritseradiel hat it Mienskipshûs yn Drylts oankocht. It stiftingsbestjoer moast it gebou yn july slute omreden fan it jild.

De gemeente wol it gebou yn 'e takomst slope, mar it bliuwt wol iepen oant der in nij mienskipshûs is. Dat soe dan komme moatte by it sportkompleks. De eksploitaasje wurdt mooglik makliker, as de sporthal en it doarpshûs mienskiplik beheard wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)