Doarpshûs Brantgum ferboud

05 maaie 2007 - 13:01

Doarpshûs De Terpring fan Brantgum wurdt de kommende moannen ferboud. By de ferbouwing wurde ûnder mear de lytse biljertseal en de opslachromte grutter. Yn augustus moat it ferboude moetingssintrum klear wêze. Der kinne dan mear lytsskalige en kulturele eveneminten organisearre wurde.

Ferline jier gie de ferbouwing op it lêtste momint net troch. De gemeente woe earst in argeologysk ûndersyk, om't it gebou op in terp stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)