Doarpsfyzje Wytmarsum

13 apr 2011 - 17:26

Wytmarsum hat in doarpsfyzje foar de kommende tsien jier. Dêryn seit it doarp dat de skoallen yn it eardere gemeentehûs ûnderbrocht wurde moatte, dat foarsjennings lykas it swimbad net ferdwine meie, dat tal fan diken ferbettere wurde, dat der in haven foar 40 boatsjes komme moat en dat de sporten op ien plak yn it doarp konsintrearre wurde moatte.

Dat en noch folle mear stiet yn it boekje, dat oanbean is oan it doarp en it bestjoer fan Súdwest Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)