Doarpsflagge wapperet wer op De Lemmer

11 sep 2015 - 14:17

De Lemmer hat sûnt freed wer in doarpsflagge. It giet om de eardere gemeenteflagge, dy't no yn eare hersteld is as doarpssymboal. De gemeente De Fryske Marren moast wol earst útsykje oft it tastien is dat in gemeenteflagge letter in doarpsflagge wurdt, mar it die bliken dat it gjin probleem is.

Boargemaster Arie Aalberts en wethâlder Johannes van der Pal hawwe freed in dokumint tekene, wêrmei't de flagge offisjeel wer yn gebrûk naam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)