Doarpsfisy foar Akkrum

17 nov 2004 - 13:38

Yn Akkrum is tiisdei de nije doarpsfisy presintearre oan de ynwenners. It plan is makke troch Pleatslik Belang en de gemeente. Yn de fisy steane oplossingen foar de ferkearsproblemen yn it doarp.

Sa moat de komst fan in rûnwei de auto's út it sintrum hâlde. Dêrneist binne der plannen foar in brede skoalle. Dat is in kompleks mei ûnder oare in skoalle, in sporthal en in biblioteek. Dy moat boud wurde yn Akkrum East.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)