Doarpsfeest Winsum giet oer

04 feb 2006 - 17:11

It doarpsfeest yn Winsum kin dit jier mooglik net trochgean. De gemeente wol gjin fergunning jaan. Gewoanwei soe der yn juny merke wêze op it merketerrein, mar dêr wurdt in nij multifunksjoneel sintrum boud.

Der soe no in lytser feest komme yn in tinte by it kafee. Mar de gemeente Littenseradiel is benaud foar oerlêst foar ferkear en omwenners. De eigners fan it pleatslike kafee binne teloarsteld dat it feest net trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)