Doarpsfeest Garyp útein set

27 aug 2010 - 16:37

It doarpsfeest yn Garyp is freed los gien. Earder dizze wike wie der in soad kommoasje omdat it doarp neffens in parseberjocht Roma út Frankryk opfange soe op de iisbaan, mar it gie lykwols om in grap.

Dy grap hat de ôfrûne wiken rûnom yn it lân in soad losmakke. Net eltsenien koe de humor fan de Garypsters wurdearje. By de optocht hie de dûmny fan Garyp hjir noch even omtinken foar. Hy warskôge Klaas Jansma om net mear te 'sûndigjen'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)