Doarpsbelangen komme mei eigen plan foar Westergoawei

16 feb 2015 - 21:00
  • In ûngelok op de Westergoawei

Doarpsbelangen fan ferskate doarpen oan de Westergoawei, de N359, hawwe in eigen plan makke foar de oanpassing fan de gefaarlike krusings yn de provinsjale dyk. Se hawwe dat plan moandei mei deputearre Sietske Poepjes bepraten en dy wie posityf. It grutte ferskil mei it plan fan de provinsje is dat dy de Westergoawei oer de krusings hinne rinne litte wol. De doarpsbelangen wolle it krekt oarsom: de Westergoawei sakje litte.

Grutte foardiel dêrfan is dat der gjin grûn oankocht hoecht te wurden en der gjin ûnteigeningsprosedueres nedich binne.

It plan falt binnen it budzjet. Nei de ferkiezings wurdt der fierder praten oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)