Doarpsbelang Nyegea wiis mei tunnel ûnder Sintrale As troch

28 okt 2015 - 12:15

De provinsje kiest dochs in fytstunnel ûnder de Sintrale As tusken De Tike en Nyegea troch. De tunnel soe der earst net komme om't dizze te djoer wêze soe. De provinsje kaam doe mei in plan foar in fytsbrêge. Dat giet no dochs net troch om't in brêge noch lêstiger oan te lizzen is en dêrtroch noch djoerder útfalt as in tunnel. Doarpsbelang Nyegea is tige wiis mei dit beslút. In tunnel hie altyd al harren foarkar. In brêge is neffens de foarsitter boppedat in stik gefaarliker foar fytsers.

De brêge soe fierstente te heech wurde en tefolle bochten foar fytsers krije, sa seit de foarsitter. De tunnel moat yn de simmer fan 2016 klear wêze. Foar de nije fytsferbining is 1,2 miljoen euro beskikber steld troch de provinsje. De foarsitter is bliid dat de ferbining tusken de doarpen no bestean bliuwt. Ek hoege de fytsers no net in hiel stik om te fytsen om fan it iene doarp nei it oare te kommen. De tunnel krijt sa't it no liket spesjale ferljochting dy't oangiet as der minsken ûndertroch fytse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)