Doarpsbelang Berltsum bliid

08 apr 2005 - 09:06

It bestjoer fan doarsbelang Berltsum is bliid dat de plysje lang om let fiif manlju oppakt hat foar in tal ynbraken, fernielings en it bekladden fan hûzen.

It ôfrûne heal jier ha de ynwenners bot yn de besnijing west fan de kriminaliteit yn it doarp. Doarpsbelang hopet dat mei de oanhâlding fan de fiif manlju de rêst yn Berltsum wer werom komt. De plysje ferwachtet dat der ynkoarten noch mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)