Doarpsbelang sil net soad enerzjy stekke yn Nij Bethanië

09 apr 2015 - 12:25
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

Doarpsbelang Tsjummearum sil net in soad enerzjy yn Nij Bethanië stekke wannear't Noorderbreedte Thuiszorg de stekker der út lukt. Dat seit foarsitter Germ van der Mei. Woansdeitemiddei is bekend makke dat Nij Bethanië nei alle gedachten slút yn 2017. De wenplakken foar minsken mei in 'hege soarchfraach' sille op termyn ferdwine.

Reden is de nije wetjouwing yn de soarch wêrtroch minsken hieltyd langer thús wenjen bliuwe en dêr soarch krije. Doarpsbelang Tsjummearum wie net útnoege foar de gearkomste op woansdei.

It personiel en de bewenners binne bot oandien troch it nijs dat se woansdeitemiddei te hearren krigen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)