Doarpsargyf wol tramstasjon Noardwâlde mar hat gjin jild

14 apr 2016 - 14:40

It tramstasjon fan Noardwâlde stiet sûnt ferline wike te keap. Dit ta grutte teloarstelling fan de wurkgroep Dorpsarchief Noordwolde. Dy wol it gebou hiel graach brûke om it doarpsargyf yn ûnder te bringen, mar hat sels gjin jild om it gebou te keapjen.

Doe't de leden fan de wurkgroep hearden dat it gebou te keap komme soe, hawwe se de gemeente Weststellingwerf noch frege om it beslút út te stellen, mar dy hat dêr gjin gehoar oan jûn. De gemeente wol earst ôfwachtsje oft der potinsjele keapers binne en wat foar plannen dy mei it gebou hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)