Doarpen Tytsjerksteradiel yn aksje tsjin swalkôffal

19 jun 2015 - 21:53
  • ôffal

Santjin doarpen yn Tytsjerksteradiel krije fan de gemeente jild om swalkôffal oan te pakken. Hoe't de doarpen dat dogge, meie se sels witte. Bygelyks troch minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk yn te hieren of buertferienings yn te skeakeljen. De gemeente bemuoit him der net mei, mar wol allinnich witte wat de doarpen beslute.

De dielnimmers krije yn alle gefallen oant en mei 2020 subsydzje. Oant no ta hawwe 13 fan de 17 doarpen oanjûn dat se meidogge. Moandei is de offisjele start fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)