Doarpen prate oer krimp

30 mrt 2010 - 22:24

Alle tsien doarpen yn Kollumerlân prate de kommende wiken oer de wize wêrop se as doarp de krimp tsjingean kinne. Ynwenners kinne sels mei oplossings komme om de fergrizing en it tekoart oan jongerein oan te pakken.

Yn Kollum en Kollumersweach is der noch kâns op groei, yn de lytse doarpen giet it om krimp. Yn Aldwâld wolle se koste wat kost de skoallen behâlde en moat de gemeente mear dwaan om banen te kreëaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)