Doarpen Opsterlân ûnder hannen

16 sep 2008 - 10:45
  • Sintrum De Gordyk wurdt opknapt

De doarpen yn Opsterlân moatte brûzjend en feilich wurde. De gemeente wol dêr de kommende jierren ekstra jild yn stekke. Dat docht bliken út de begrutting foar 2009 oant en mei 2012. De eastlike kant fan it sintrum fan De Gordyk wurdt foar miljoenen opknapt.

Datselde jildt foar Bakkefean. Dêr stean noch mear nije plannen yn dy´t de kommende jierren útfierd wurde. Sa wurde sportakkommodaasjes ferbettere en komt der mear jild foar jeugdbelied en toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)