Doarpen ferlieze foarsjennings

18 jan 2011 - 10:26
  • De basisskoalle yn Wierum giet ticht

Doarpen sille yn 'e takomst foarsjennings ferlieze as der minder ynwenners binne. Se moatte dy dan mei-inoar diele. Dat seit wethâlder Boorsma fan Dongeradiel. Maatskiplike organisaasjes prate tiisdei oer maatregels dy't de gemeente nimme wol om krimp tsjin te gean. Ferline jier april hat dêr ek al in diskusjeronde oer west.

Fierders fynt Boorsma dat bewenners sa lang mooglik thús wenje moatte mei help fan digitale soarchferliening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)