'Doarpen eigner fan supermerk'

01 des 2008 - 22:42

Doarpsbewenners kinne sels oandielhâlder wurde fan in supermerk.Dit om de winkel te behâlden foar it doarp. It is in idee fan CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. Foarbyld binne de bewenners fan Teksel dy 't mei eigner binne fan de feartsjinst nei it Waadeilân.

Neffens De Rouwe is de tiid foarby dat der yn alle doarpen plak is foar iisbanen, fuotbalfjilden en oare fasiliteiten. Doarpen moatte mear gearwurkje, sa lit De Rouwe witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)