Doarpen betelje mei oan fytspaad

11 jan 2005 - 22:23

De doarpsbelangen fan Aldegea, Greonterp en Blauhûs hawwe juster 32.500 euro oanbean oan wethâlder Gerbrandy fan Wymbritseradiel. It jild is ornearre foar in fytspaad. Der is kollekteard by ferienings en bedriuwen. Fierder binne alle ynwenners om in euro de man frege.

It bedrach is goed tsien persint fan de folsleine kosten fan it fytspaad. Provinsje en gemeente betelje ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)