Doarpelingen meie earst bouwe

22 jun 2004 - 12:33

Bewenners fan de doarpen yn de gemeente Ljouwert krije foarrang by it yntekenjen op boukavels yn eigen doarp. Dat hat de gemeenteried fan Ljouwert moandei besletten. De ried behannele it Wenplan fan wethâlder Sluiter.

Sluiter wol mear keapwenten bouwe litte, om't der neffens him in oerskot is oan goedkeape hierwenten. Neffens PAL/GroenLinks streame goedkeape hierders al tritich jier lang net troch nei in keapwenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)