Doarp wol klokkestoel werom

31 okt 2006 - 13:40

Hoarnstersweach wol de klokkestoel dy't 1978 by de tsjerke ferdwûn is, werom hawwe. It giet dan net om itselde eksimplaar, mar om in nije houtenien. De stifting Kerkje 1621 hat dêrfoar by de gemeente It Hearrenfean in boufergunning oanfrege.

De orizjinele klok bestiet noch wol, mar dy is by in oare tsjerke yn gebrûk. Ynkoarten sil de stifting op syk nei donateurs foar de finansiering fan de nije klokkestoel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)