Doarp moat 'eilân' foar bern ha

25 aug 2003 - 00:00

By ien tredde fan alle Fryske doarpen moat in 'Robinso Crusoë' eilân komme. Dat is in plak yn en by de natuer dêr't bern de baas binne. Der soenen bygelyks fûgelkastkes hingje kinne en der soe ek romte wêze moatte foar aktiviteiten lykas fiskje.

Dat sei Venema, de provinsjaal greidfûgelkoördinator yn Oerterp. Dêr wiene sneon 250 jeugdfûgelwachten mei tweintich begelieders út de hiele provinsje foar in ynspiraasjedei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)