Doanjum krijt klok werom

25 mrt 2009 - 16:53

De toer fan Doanjum krijt tongersdei syn brûnzen klok werom. De klok is yn augustus út de toer helle foar in grutte reparaasje by in bedriuw yn Dútslân. De klok hie in skuor fan 20 sintimeter.

Neist de klok is ek de tsjerketoer opknapt. De wurksumheden hawwe hast twa ton koste. De klok fan Doanjum is unyk om't dy makke is troch de ferneamde klokkejitter Gerrit den Dam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)