Doalhôf by Dúndelle is klear

14 feb 2001 - 11:39

It grutste doalhôf fan Nederlân is yn Bakkefean. De lêste stien waard tiisdei lein. Fan ein maart ôf kinne besikers frijwillich it paad bjuster reitsje yn ien fan de trije, stiennen, houten of stielen doalhôven.

De oardel miljoen kostjende attraksje is ûnderdiel fan Dúndelle. Yn it park wie al in swimbad en in boarterstún. It park wol bern op ienfâldige wize fermeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)