'DNA yn databank is gefaarlik'

06 nov 2003 - 00:00

It is te gefaarlik om ek DNA op te nimmen yn in medyske databank, fynt de Fryske ôfdieling fan pasjinteferiening NVP. De RUG en it AZG yn Grins wolle de gegevens fan 150.000 noarderlingen yn in medyske databank ûnderbringe. Dat moat helpe by ûndersyk en bestriding fan syktes.

De pasjinteferiening is wol foar sa'n plan. Mar de kâns dat DNA-materiaal foar bygelyks juridysk ûndersyk brûkt wurdt, achtet de feriening te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)