DNA-útslach noch net bekend

26 sep 2003 - 00:00

De útslach fan it DNA-ûndersyk fan in fertochte yn de saak Vaatstra lit op him wachtsje. Justysje hie ferwachte dat de útslach freed bekend wêze soe, mar dat is net slagge. It is ek net dúdlik wannear't de útslach der wol wêze sil.

Oardel wike lyn is yn Londen de 23-jierrige Afgaan Mohammed Abkari oanhâlden. Hy waard al in skoft socht yn ferbân mei de moard op Marianne Vaatstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)