DNA-ûndersyk faker ynsette

20 nov 2012 - 14:55
  • Minister Ivo Opstelten fan justysje

Minister Opstelten fan justysje fynt dat in DNA-ferwantskipsûndersyk faker ynset wurde kin. It is de earste kear dat sa'n útfierd is, no't dat sûnt april dit jier wetlik tastien is. Opstelten hat it wetsfoarstel doedestiids ferdigene yn de Earste Keamer. Der is earder frege om in grut DNA-ûndersyk, mar dat fersyk is doe ôfwiisd troch de minister.

Mei it earste DNA-ferwantskipsûndersyk is nei trettjin jier in fertochte oanhâlden foar de moard op Marianne Vaatstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)