Dna ûndersocht yn saak-Vaatstra

30 des 2004 - 00:00

Justysje hat dit jier ticht by de oplossing sitten fan de moard op Marianne Vaatstra. Justysje hie in oprop dien oan alle bûtenlânske dna- databanken, om dna fan de dieder te ferlykjen mei wat yn de databanken sit.

Dit jier krige justysje telefoan út Bratislava yn Slowakije. Dêr wie dna fûn dat like op dat fan de dieder fan de moard. It bloed fan de 33-jierrige man is yn Nederlân ûndersocht. It die bliken dat er net de dieder is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)