DNA-test yn saak-Vaatstra

24 apr 2003 - 00:00

In 19-jierrige man út de Grinzer Pein dy't al mear as trije jier dea is, is troch de plysje koartlyn útsletten as moardner fan Marianne Vaatstra. Inkelde moannen nei de moard hie de man himsels tekoart dien. Der waard sein dat er in boadskip achterlitten hie dat der net fierder libje koe mei wat er dien hie.

Om oan alle rabberij in ein te meitsjen is der in test mei DNA fan syn mem dien. Dêr docht no út bliken dat er neat mei de moard te krijen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)