DNA-test foar hynders

12 jan 2012 - 11:10

It Frysk Hynstestamboek lit nije DNA-testen ûntwikkelje by de Universiteit fan Wageningen. Sa wurdt besocht ôfwikings oan de slokterm op te spoaren en it gen foar dwerchgroei. Foarhinne waarden de hynders benammen op ôfstamming en úterlike skaaimerken kard. De lêste jierren is dêr DNA by kaam. Sa kin al kontrolearre wurde oft in hynst drager is fan it gen foar de net winske fosfaktor. Dat is in hynder mei brún hier.

As der DNA-ofwikings fûn wurde, is dat in brekpunt by it goedkarren fan in hynst.

Yn Ljouwert is tongersdei de earste dei fan de grutte hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)